Pankoek partij
By de jongsten binne 6 keats(t)ers. 3x lotsje, trije tsjin trije. In individueel klassemint, mei 16 punten de 2e priis foar Brent Tinga. Mar leafst trije keats(t)ers mei 17 punten, hja winne de earste priis, dit binne Rikst Mulder, Hedzer Seffinga en Tjitte Reitsma. Yn de middelste groep binne d’r 8 dielnimmers. Eh hjir 3x lotsje yn fjouwer partoeren fan fjouwer. Mei 16 punten wint Rutger Mulder de 3e priis. Twa twadde prizen mei 17 punten foar Jeen Arendz en Willem Reitsma. De 1e priis mei 21 punten en de krânse is foar ny lid Jari Visser. De âldste jeugd, fjouwer keatsers, ek hjir trije kear lotsje, de 2e priis foar Marten de Jong, 12 punten en de 1e priis mei trije winstpartijen gong nei Jelle Terpstra. Priisútrikking yn de tinte fan Jan Watze en dernei pankoek ite, mei tank oan de pankoekbaksters! Foto’s fan it bernekeatsen komme noch
Geplaatst op 17 May 2013